Bestelbus botst en rydt troch

23 okt 2011 - 14:43

Op de Bredyk yn Stiens is sneontemiddei in motorrider (56) út Hallum oanriden troch in bestelbus. De bestjoerder fan de âlde, wite bestelbus is trochriden.

De plysje siket tsjûgen fan dit ûngelok. De bestelbus soe linksachter skea ha moatte. De bestjoerder is neffens omstanners tusken de 40 en 50 jier.

(advertinsje)
(advertinsje)