Plysje-auto Ljouwert fernield
De plysje siket tsjûgen fan it fernielen fan in plysje-auto. De wein stie sneontenacht parkeard op it Ruterskertier. De plysje wie yn it sintrum oan it surveillearjen.
In foarbygonger fertelde de plysje dat guon stappers stiennen tsjin de plysje-auto smiten hiene. Yn it foarrút siet in stjer. Tsjûgen kinne har melde by de plysje.