BOOM!!! yn A'dam yn premjêre

23 okt 2011 - 13:38
Foto: Omrop Fryslân

De Fryslân Dok-dokumintêre BOOM!!! giet yn Amsterdam yn premjêre op it ynternasjonale muzykfilmfestival PLAY. De dokumintêre giet oer Jan ten Boom fan De Jouwer. Hy is al 30 jier aktyf yn de muzyk as boeker fan ûnder oare Tim Knol. Earder wurke er mei The Serenes, Johan en Daryll-Ann.

Yn de dokumintêre besykje makkers Timo Brinkman en Janjelle Ringnalda achter it geheim fan it sukses fan Jan ten Boom te kommen. PlAY is fan 17 oant en 20 novimber yn de Melkweg.

(Advertinsje)
(Advertinsje)