Pepperspray yn saak Drachten

23 okt 2011 - 13:11
Foto: Omrop Fryslân

Yn in hoarekagelegenheid yn Drachten is sneontenacht troch ien mei pepperspray spuite. Guon besikers giene troch needdoarren, dy't de portiers fuort iepenset hiene, nei bûten. De ôfsûchynstallaasje is op maksimaal set. De besikers koene gau wer nei binnen.

Ambulânsepersoneel hat twa stappers ûndersocht, mar dy hoegden net nei it sikehûs. De plysje ûndersiket wa't mei de pepperspray spuite hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)