Yllegaal feest yn Sint Nyk

© Omrop Fryslân
Oan de Slotwei yn Sint Nyk hat de plysje sneontenacht in ein makke oan in yllegaal feest. Plysjeminsken rieden troch it doarp en seagen dat in soad sierfjoerwurk ôfstutsen waard. It fjoerwurk is yn beslach nommen.
Fierder die bliken dat der gjin fergunning oanfrege wie foar it feest. De 60 feestfierders hiene al flink wat drank op en wiene agressyf nei de plysje. Nei't de feestfierders om 01.30 oere net fuortgiene lykas ôfpraat, hat de plysje yngrepen.