Friso skrast wurk stoomtrein

23 okt 2011 - 11:49
Foto: Omrop Fryslân

Der binne nije problemen by it grutte stoomtreinprojekt yn Súdwest-Fryslân. De bou fan it nije gebou foar de stoomtrein oan de Kanaalstrjitte yn Snits leit stil, oant boubedriuw Friso syn jild krijt.

It bedriuw hat stekken delset om it bouplak hielendal ôf te sluten. Dêrop sitte plakkaten om oan te jaan dat it bedriuw 'retentierjocht' tapast. Dat betsjut dat alles fêsthâlden wurdt, oant betelle wurdt. De stoomtrein soe oars 1 april takom jier ride.

(advertinsje)
(advertinsje)