Soad folk bosk Gaasterlân

© Omrop Fryslân
In goeie 800 minsken hawwe sneon by de bosk- en houtseachdei yn de bosk by Aldemardum west. It wie foar de tredde kear dat sa'n dei hâlden waard. Net earder waard dy dei sa goed besocht. Nei alle gedachten hat dat te krijen mei ekstra publisiteit en it moaie waar.
By dizze dei koene de besikers it hiele proses fan boskbehear en houtbewurking folgje. Sa waarden stammen mei hynders út de bosk helle. Ek waard planken seage fan beammen.