Ljouwerter dupearre troch stellerij handbike

16 jan 2017 - 08:10

Ljouwerter Gerlof Dijk docht op Facebook in driuwende oprop om syn stellen handbike werom te krijen. Sneintemiddei is dy stellen by in supermerk oan it Hoeksterpaad yn Ljouwert. "Dat er zulke mensen op de wereld zijn!", skriuwt er. Dijk is troch syn lichaamlike beheining ôfhinklik fan syn hânfyts. Hy brûkt de fyts om nei syn wurk te gean. Ek brûkt er de fyts in soad foar syn eigen wille.

Hy docht in berop op de dief om de fyts werom te bringen. In soad minsken ha yntusken it berjocht fan Gerlof Dijk op Facebook dield.

In handbike is in los ûnderdiel mei in tsjil, ketting en hânfetten dat oan in rolstoel keppele wurde kin. Dêrtroch wurdt de rolstoel in soarte fan trijetsjiller dy't mei de hannen oantreaun en stjoerd wurde kin. Gerlof gong te boadskipjen en hie syn handbike yn de fytsestalling set, sadat er mei de rolstoel troch de supermerk koe. Doe't er weromkaam wie de hânfyts fuort.

Op maat makke

De handbike is spesjaal op maat makke foar de rolstoel fan Gerlof. "Ik soe net wite wat in oar der mei kin. It iennige wat ik my betinke kin, is dat se 'm trochferkeapje of útinoar helje wolle, mar ik hoopje dat dat allebeide net bart." De handbike betsjut in soad foar Gerlof. "No't ik him kwyt bin, bin ik in stik ôfhinkliker. Ik moat no mear mei de taksy regelje, mar ik wol it leafst safolle mooglik sels dwaan, dus ik baal der enoarm fan dat ik him kwyt bin."

Der wurdt no wol besocht in nije of tydlike handbike te regeljen foar Gerlof, mar it leafst wol er syn eigen werom. Minsken dy't wat sjoen ha, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
handbike hânfyts Facebook
(advertinsje)
(advertinsje)