GrienLinks: "Der moatte minskelibbens rêden wurde"

16 jan 2017 - 07:32

Yn Fryslân binne twahûndert plakken yn de needopfang direkt beskikber foar flechtlingen dy't no fêstsitte yn Turkije, Grikelân of Servië. Dat seit GrienLinks-fraksjefoarsitter yn Provinsjale Steaten Retze van der Honing. Hy fynt dat we út minsklik eachpunt net talitte kinne dat flechtlingen langer yn de barre omstannichheden sitten bliuwe kinne. Dêrom ropt er Nederlân en Europa op ta aksje om dizze minsken te helpen.

"Prosedueres sjitte net op. Der is gjin tiid foar burokrasy, der moatte minskelibbens rêden wurde", sa seit er. "Nederlân moat yngripe en in foarbyld jaan. De need is heech. Neat dwaan is gjin opsje".

(advertinsje)