FIDEO: Spanning yn darterskafee om WK-finale Danny Noppert

15 jan 2017 - 22:49

De supporters fan darter Danny Noppert fan De Jouwer libben bot mei yn kafee De Stam, mar it mocht net helpe. Noppert ferlear sneintejûn de finale fan it Lakeside fan dartbûn BDO yn Frimley Green. Glen Durrant wie mei 7-3 yn sets te sterk foar de 26-jierrige Noppert.

It kafee oan it Douwe Egbertsplein op De Jouwer siet hielendal fol mei dartsleafhawwers en freonen fan Danny Noppert. Se libben bot mei. Nei ôfrin fan de ferlerne finale wie it earst stil yn it kafee, mar dêrnei folge al gau in applaus foar de Jouster darter.

Trefwurden: 
darten Danny Noppert
(Advertinsje)
(Advertinsje)