Fragen PvdA Ljouwert oer skiep foar grienbehear

Sam Westra en syn keppel skiep
De PvdA-fraksje yn Ljouwert wol fan it kolleezje fan b. en w. witte hokker gefolgen de nije oanbesteging fan it weidzjen fan skiep foar grienbehear hat. Ek wolle se witte wêrom't it kontrakt fan de hjoeddeiske stedshoeder Sam Westra net ferlinge is.
Troch in nije hoeder oan te lûken, moatte de skiep dy't no weidzje mooglik nei de slacht. De PvdA wol witte oft dêr foldwaande oer neitocht is en oft dit noch foarkaam wurde kin.
Petysje
Der is in petysje en Facebook-aksje start foar it behâld fan stedshoeder Sam Westra. Dy is yntusken goed 2.100 kear tekene. De PvdA wol witte op hokker wize it kolleezje rekken hâldt mei it fersyk fan de ûndertekeners fan de petysje.