"It is derop of derûnder foar greidefûgels yn Fryslân"

15 jan 2017 - 21:24

It is derop of derûnder foar de greidefûgels yn Fryslân. FNP-foarsitter Ultsje Hosper liedt de needklok en ropt de provinsje op yn aksje te kommen. Hosper hâlde by de nijjiersresepsje fan de partij yn De Westereen in pleit foar 'natuerynklusive lânbou', wêryn't buorkjen en it yn stân hâlden fan de natuer beide wichtich binne.

Hosper pleitet foar gebieten mei in heger wetterpeil en foar in part krûderike fegetaasje, wêrby't famyljebedriuwen lytsskalich buorkje mei streekprodukten. Allinne dan kin de greidefûgel yn Fryslân oerlibje.

Deastek

De âld-direkteur fan It Fryske Gea spuit raar guod oer de suvelsektor, banken, feefoer- en keunstdongyndustry en lânbouorganisaasje LTO, dy't alle war dogge de derogaasje yn stân te hâlden. Dat is de deastek foar biodiversiteit en dus ek foar de greidefûgels yn ús provinsje, seit Hosper. By derogaasje meie boeren fan de Europeeske Uny mear dong oer it lân útride as gewoanlik.

Gas- en sâltwinning

De FNP-foarsitter fynt ek dat de provinsje der alles oan dwaan moat om gas- en sâltwinning yn de Waadsee te stopjen. Ultsje Hosper nimt fan 't maitiid ôfskied as FNP-foarsitter.

(advertinsje)
(advertinsje)