Anouska Koster 2e yn Havelte

28 maaie 2012 - 18:26
Foto: awfoto.nl

Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen is pinkstermoandei twadde wurden by de noardlike distriktskampioenskippen yn Havelte. De oerwinning gong nei Yvonne Troost út Wijhe. Marije Joling fan It Hearrenfean waard fyfde. By de elite manlju gong de winst nei Peter Merx út Grins. Martijn Knol waard twadde, Pim vd Berg tredde. De titel by de beloften wie in proai foar Joey van Rhee.

Benjamin Zuidema út Dokkum wie de rapste by de junioaren. Melle Poelsma fan Snits waard twadde. Melanie Klement út Diphoorn wie de bêste by de junioarefroulju.

(Advertinsje)
(Advertinsje)