UNIS Flyers te sterk foar Herentals

15 jan 2017 - 19:49

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe sneintejûn de kompetysjewedstriid tsjin Herentals wûn mei 5-2. Perioadestannen: 2-1, 1-0 en 2-1. De Flyers hiene in fleanende start. Turcotte sette syn ploech nei sân minuten spyljen op foarsprong en in minút letter stie it al 2-0 troch in doelpunt fan Wurm. Herentals kaam werom oant 2-1 doe't se in powerplay krigen.

De twadde perioade rûnen de Flyers út nei 3-1 troch opnij Wurm. Yn de lêste perioade kaam Herentals werom oant 3-2, mar rap dêrnei makke Bezak dien wurk troch de 4-2 en de 5-2 te skoaren.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
(Advertinsje)
(Advertinsje)