FIDEO: "Weekend om snel te vergeten, maar ook leerzaam"

15 jan 2017 - 19:30

Foar shorttrackster Suzanne Schulting ferrûn it EK shorttrack yn Turijn teloarstellend. Se waard sneon diskwalifisearre op de 500 meter en rekke yn de heale finale fan de ôflossing blessearre troch in ferfelende fal. Schulting hie yn it foar oanjûn dat se foar neat minder gie as de Europeeske titel. In wykein om gau te ferjitten dus, mar ek learsum, fynt Schulting.

(Advertinsje)
(Advertinsje)