Fytser ferstoarn by Jirnsum

23 okt 2011 - 08:44
Foto: Omrop Fryslân

Op de Bûtlânswei by Jirnsum is sneontejûn in fytser om it libben kaam by in slim ûngelok.

De fytser waard oanriden troch in auto en bedarre yn de sleat neist de dyk. Ferskate helptsjinsten waarden oproppen, mar koene neat mear dwaan. De dyk hat in skoft ôfsletten west foar it ferkear. De automobilist is oanhâlden.

Trefwurden: 
fytsûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)