Sjinkie Knegt wint brûns op EK shorttrack

15 jan 2017 - 16:24

Sjinkie Knegt is op it EK shorttrack yn Turijn tredde wurden. Yn in spannende superfinale oer 3000 meter waard de flits út Bantegea tredde, en dêrmei kaam hy net yn 'e buert fan de Europeeske titel.

Yn de superfinale like der net safolle oan de hân foar Knegt, mar doe gie it hielendal mis foar de Fries. Yn in bocht kamen Knegt en syn lângenoat Dylan Hoogerwerf mei-inoar yn botsing en giene beide ûnderút. Sjinkie stie fluch wer op 'e redens en koe frij rap wer oanslute by de rêst fan it fjild.

De ynhelrace hie in soad krêft koste en doe't de favoriten oan de ein de sprint ynsetten koe Knegt net mei.

De Rus Semen Elistratov prolongearre syn titel. De Hongaar Sandor Liu waard twadde yn it einklassemint.

Trefwurden: 
shorttrack Sjinkie Knegt EK
(Advertinsje)
(Advertinsje)