Gjin poadiumplak Rianne de Vries op EK shorttack

15 jan 2017 - 16:14

Rianne de Vries is op de lêste ôfstân yn it einklassemint fan it EK shorttrack fan it poadium fallen. Yn de ôfslutende superfinale oer 3000 meter waard se lêste, en dat wie krekt net genôch om tredde te wurden.

Fanút de start pakte De Vries de lieding op de lêste ôfstân fan it yndividuele toernoai. Se wûn de tuskensprint, pakte dêrmei 5 punten foar it einklassemint, mar dêrnei wie it dien. Mei noch twa rondes te gean giene de oare froulju yn de superfinale har allegear foarby en waard se achtste. Dat wie krekt net genôch foar in poadiumplak.

Ariana Fontana út Italië waard Europeesk kampioen, foar de Russinnen Prosvirnova en Konstantinova.

Trefwurden: 
shorttrack EK Rianne de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)