Sjinkie Knegt diskwalifisearre op de 1000 meter

15 jan 2017 - 15:49
Sjinkie Knegt - Foto: Martin de Jong

Sjinkie Knegt is diskwalifisearre yn de finale fan de 1000 meter op it EK shorttrack yn Turijn. Knegt ried fan de start ôf yn lêste posysje. Yn de lêste bocht gie er konkurrint Semen Elistratov foarby en einige as tredde achter de bruorren Liu. Hy waard lykwols diskwalifisearre om't de ynhelaksje op Elistratov net neffens de regels wie.

Knegt krijt 8 punten en sakket dêrtroch nei it fjirde plak yn it klassemint. Hy hat no 41 punten. Elistratov stiet boppe-oan mei 52 punten, folge troch de bruorren Liu mei 50 punten en 42 punten.

Trefwurden: 
shorttrack EK Sjinkie Knegt
(Advertinsje)
(Advertinsje)