Rianne de Vries útskeakele op 1000 meter

15 jan 2017 - 14:58
Foto: Martin de Jong

Rianne de Vries hat op it EK shorttrack net foar in nije stunt soargje kinnen. Op de 1000 meter waard se al yn de kwartfinale útskeakele doe't se besocht om de Russyske Ekaterina Konstantinova yn te heljen. Mar dat pakte net goed út. Dêrtroch waard se fjirde yn har kwartfinale en dat wie net genôch om troch de gean nei de heale finale.

De 1000 meter waard wûn troch Sofia Prosvirnova út Ruslân. Twadde waard Andrea Keszler út Hongarije en Ekatarina Konstantinova waard tredde. 

Yn it klassemint nimt Prosvirnova no it earste plak oer. Se stiet op 60 punten. Op it twadde plak stiet Fontana mei 45 punten en Rianne de Vries stiet noch tredde mei 36 punten.

Letter sneintemiddei sil De Vries noch yn aksje komme op de 3000 meter en de ôflossing.

Trefwurden: 
shorttrack Rianne de Vries EK
(Advertinsje)
(Advertinsje)