"Noppert makket grutte kâns op wrâldtitel Lakeside"

15 jan 2017 - 14:53

Danny Noppert makket in grutte kâns op de titel by it Lakeside World Darts Championship fan it dartbûn BDO yn it Ingelske Frimley Green. Dat seit syn broer Erwin Noppert, dy't de hiele wike al by syn broer is. Danny Noppert wûn sneontejûn mei 6-3 yn sets fan Darryl Fitton út Ingelân.

Sneintejûn spilet de 26-jierrige darter fan De Jouwer tsjin de Ingelsman Glen Durrant. Dy hat al in pear belangrike toernoaien wûn, mar by dit WK smyt Danny Noppert in heger gemiddelde: 94.68 tsjin 92.67 punten.

De finale tusken Danny Noppert en Glen Durrant begjint sneintejûn om 17.45 oere. De finale wurdt live útstjoerd op Youtube en dat is ek te sjen op de webside fan Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)