Sykte keart Schulting fan fierdere dielname oan EK

15 jan 2017 - 12:23

Suzanne Schulting fan De Tynje sil snein net mear fan start gean op de yndividuele nûmers by it EK shorttrack yn Turyn. De Nederlânsk kampioene is siik wurden. De ôflossing rydt se noch wol.

Sneon kaam Schulting hurd te fallen. Sels seit se dêroer dat dat foar har gjin reden is om net te starten. Yn it sikehûs hat se foto's meitsje litten fan har earm. Dêrút hat bliken dien dat se neat brutsen hat. Schulting gong yn Italië foar neat minder as de Europeeske titel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)