Poepjes: "Lekkerij Drachtsterwei is in ûnhandige flater"

15 jan 2017 - 12:06

De lekkerij yn de daamwand fan it akwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert soarget net foar fertraging yn de bou. Dat seit deputearre Sietske Poepjes. Se neamt it in ûnhandige flater en domme pech. "Dit heart net te gebeuren, mar der is gelokkich gjin sprake fan in strukturele flater'', seit se.

Sneontejûn is der in gat ûntstien yn de daamwand. By it folpompen fan de boukûpe mei wetter, wie in part net goed tichtmakke. Sa koe der wetter fuortlekke fanút de bak fan it akwadukt. Dat stroomde de dyk op.

De Drachtsterwei hat yn de nacht tusken sneon en snein ôfsletten west. Sneintemoarn betiid koe it ferkear der wer del, al lei der om it middeisoere hinne alwer wetter op de dyk. De plysje hâldt tafersjoch. Moandei wurdt besjoen hoe't de daamwand hersteld wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)