Ljouwerter plysjes de hiele nacht drok mei drankriders

15 jan 2017 - 11:15
Foto: ANP

In 38-jierrige Ljouwerter hat fannacht binnen tweintich minuten twa oanridingen feroarsake. Om twa oere wie de man mei syn auto tsjin de slachbomen fan de parkeargaraazje ûnder it Saailân oanriden. Dêrnei ried er troch. Tweintich minuten letter krige de plysje wer in melding fan in oanriding. It die bliken dat deselde automobilist op de Tsjerkebuert yn Wergea achterop in taksy botst wie.

De Ljouwerter moast blaze en it die bliken dat er tefolle dronken hie. De man is oanholden foar it ferlitten fan it plak fan in ûngelok en foar it riden ûnder ynfloed. Op it plysjeburo is syn rydbewiis yn beslach naam.

In einstje fierderop, yn de Prins Hendrikstrjite, is in 39-jierrige ynwenner fan Letlân trappearre op it riden mei drank op. Syn rydbewiis is yn beslach naam en hy krijt in fikse boete. In Ljouwerter fan 33 jier moast syn rydbewiis ek ynleverje. Hy wie mei syn auto tsjin in beam knald, en dêrnei wie er útnaaid. De oanriding wie op de Gerbrandywei yn de stêd. Omstanners hiene sjoen dat de bestjoerder út de auto stapt wie en de wyk Bilgaard ynrûn wie.

De plysje trof de man oan op De Fennen. Ut in blaastest die bliken dat er tefolle dronken hie. De man wie troch it ûngelok ferwûne rekke oan it gesicht en waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr is in bloedproef by him ôfnaam.

(advertinsje)
(advertinsje)