Froonackerdyk gefaarlik

28 maaie 2012 - 17:23

Ferkearsdeputearre Sietske Poepjes jout ta dat der op plakken yn de Foonackerdyk gefaarlike situaasjes ûnstean kinne. Moandei hat se mei eigen eagen krusings tusken Wiuwert en Easterlittens besjoen. Oanlieding wie in petear dat se hân hie oer de kwesje mei âld-wethâlder Chris van Beek fan Littenseradiel.

Op in tal t-krusings binne ôfslaggen foar it ferkear net dúdlik wêrtroch't der de ôfrûne jierren slimme ûngelokken west hawwe. De deputearre wol har befinings no earst mei har amtners besprekke.

Se wol allinnich jild beskikber stelle foar needsituaasjes.

(advertinsje)
(advertinsje)