Wim Stroetinga liedt seisdaagse fan Bremen

Wim Stroetinga © ANP
Healwei de seisdaagse fan Bremen hat baanhurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap tegearre mei syn maat Leif Lampater út Dútslân de lieding. It duo wist juster de earste posysje oer te nimmen fan Marcel Kalz en Iljo Keisse. It Dútsk/Belgyske koppel hat no ien ronde achterstân.
Op it tredde plak stean de Deen Jesper Mørkøv en de Nederlanner Yoeri Havik. De seisdaagse fan Bremen einiget tiisdei.