Plysje trappearret graffityspuiters op Ljouwerter stasjon

Minsken stappe yn de trein op it stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man fan 25 jier út Ljouwert en in 27-jierrige ynwenner fan Amersfoort binne oppakt by it NS-stasjon yn Ljouwert omdat se graffity oan it spuitsjen wienen op treinen. Doe't de plysje beide manlju betrape en se oanspruts, naaiden se út.
Ien fan de manlju klom oer in stek en sprong boppe op in parkearde auto fan Arriva. De auto hat nei alle gedachten gjin skea oprûn. Fytsplysjes wisten de twa fertochten oan te hâlden. Se sitte fêst.
By it treinstel hat de plysje noch in rêchtas fûn mei farvespuiten. Ek op de flechtrûte fan de manlju fûn de plysje noch wat guod. Dat is allegear yn beslach naam. De plysje ûndersiket de saak.