Koade giel: KNMI warskôget foar glêde diken

Sâlt yn de struiwein fan Rykswettersteat © ANP
It KNMI warskôget yn it hiele lân foar glêde diken. Yn Fryslân binne de diken ek net oeral skjin. Der leit snie op, en mei temperaturen om it friespunt hinne kinne dy samar opfrieze. Boppedat binne der sa no en dan winterske buien. Snie, wiete snie, of hagel. It ferkear moat dêr goed rekken mei hâlde.
Neffens it KNMI sil de glêdens yn de rin fan de moarn ferdwine, mar sneintejûn en moandeitemoarn kin it op 'e nij glêd wurde troch it opfriezen fan wite parten fan de dyk.