Op 'e nij problemen mei akwadukt Drachtsterwei

14 jan 2017 - 22:44

Der binne op 'e nij problemen mei de daamwand fan it akwadukt dat boud wurdt by de Drachtsterwei yn Ljouwert. Sneontejûn is der in gat ûntstien yn de daamwand. Dêrtroch lekte der wetter fanút de bak fan it akwadukt. It wetter stroomde de dyk op.

De Drachtsterwei wie justerjûn en fannacht ôfsletten, sûnt sneintemoarn betiid kin it ferkear der wer del. De oannimmer hat it gat provisoarsyk tichtmakke en it wetter fuort pompt. 

Moandei wurdt besjoen hoe't de daamwand hersteld wurde kin. It is net foar it earst dat der wat misgiet by de oanlis fan it akwadukt yn de Drachtsterwei. Fersakkingen en oare technyske problemen ha al foar moannen fertraging soarge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)