Urk en D' Boys winne iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal

14 jan 2017 - 22:28

Op de 30e edysje fan it iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal yn Frjentsjer is Urk kampioen wurden by de manlju. Se fersloegen yn 'e finale nei strafskoppen Puinhoop United út Heerhugowaard. De reguliere einstân wie 2-2, mar nei penaltys wûn Urk mei 3-2. Se wûnen dêrmei net allinnich de grutste beker, mar ek 1.000 euro foar de klup. De tredde prizen wiene foar Broekster Boys en Frjentsjer sneon.

By de froulju pakte Drachtster Boys de titel. Sy lieten yn de finale drs. Vijfje kânsleas mei 3-0. De tredde prizen wiene foar Emmeloord en Avanti.

(Advertinsje)
(Advertinsje)