Basketballers Aris winne mei min spul fan Weert

14 jan 2017 - 21:55

De basketballers fan Aris Ljouwert hawwe sneontejûn wûn fan Weert. Yn Ljouwert waard it 103-97 foar Aris. Aris seach lange tiid tsjin in efterstân oan. Yn it earste kwart kaam Aris achter mei 27-24 en yn it twadde kwart waard die efterstân noch grutter: 56-47. Ek yn it tredde kwart koenen de Ljouwerters net weromkomme, dat ôfsletten waard mei 78-71. Pas yn it lêste kwart die Aris wat werom en waard sels in foarsprong pakt. Mei min spul einige de spektakulêre pot yn 103-97.

Trefwurden: 
basketbal Aris Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)