Fryske fraksje GL wol flechtlingen ophelje yn Grikelân

14 jan 2017 - 21:20

In grut tal Fryske rieds- en steateleden fan GrienLinks ropt de steatssekretaris en it kabinet op om flechtlingen op te heljen út de tintekampen yn Grikelân en Turkije. Se fine dat de omstannichheden yn de kampen troch it winterske waar sa min binne, dat der fuortenadaliks aksje ûndernaam wurde moat. GrienLinks wol dat der yn Fryslân flechtlingen opfongen wurde, om't der hjir neffens de fraksje foldwaande romte is.

"Menselijkheid sneeuwt onder"

“Hoe kan het zijn dat we mensen laten creperen in de sneeuw en de kou en vasthouden aan regels en procedures? De menselijkheid sneeuwt letterlijk en figuurlijk onder. Haal ze op. Het kan gewoon! Wij hebben plek!", skriuwe de GrienLinks'ers. Der soe yn Fryslân foldwaande romte wêze en it draachflak foar opfang is ek oanwêzich: "In Friesland is er bereidheid en draagvlak voor opvang, dat is gebleken tijdens de periode vorig jaar van crisis- en noodopvang."

Dupe

Neffens de fraksje meie de flechtlingen net de dupe wurde fan de Turkijedeal en moat der sa gau mooglik aksje ûndernaam wurde: "We roepen de ministerraad op om vluchtelingen die vast zitten in de ijskoude procedure van de Turkijedeal op te halen uit de tentenkampen. "Niet afwachten, maar nu!"

(advertinsje)
(advertinsje)