Oertsjûgjende winst VC Snits op Eurosped
De follybalfroulju fan VC Snits hawwe sneontejûn oertsjûgjend wûn fan Eurosped út Almelo. Yn de eigen hal yn Snits waard it 3-0. De setstannen wiene 25-16, 25-17 en 25-23. Utblinker by de Snitsers wie Hester Jasper, dy't sterk opsloech.