"Frysk moat in folweardich fak wurde op alle skoallen"

14 jan 2017 - 20:28

It Frysk moat in folweardich fak wurde op alle skoallen yn Fryslân en de ûnderwiisynspeksje moat dêr strang op tasjen. Dat sei fraksjefoarsitter Corlienke de Jong fan de FNP yn Provinsjale Steaten op de nijjiersresepsje fan de partij. De Jong soe graach sjen dat alle basisskoallen yn de provinsje trijetalich wurde (Frysk, Nederlânsk en Ingelsk) en dat it Frysk yn it fuortset ûnderwiis in eksamenfak bliuwt.

Om dat sa fier te krijen, moatte der mear kwalifisearre dosinten bykomme. De ûnderwiisynspeksje moat de skoallen kontrolearje oft se har doelen wol helje. Skoallen soene gjin ûntheffingen mear krije meie, sadat skoallen net mear ûnder de ferplichting fan Fryske les út kinne. Sa wurdt de posysje fan de Fryske taal - en dus ek identiteit - fersterke. De FNP stipet de aksjegroep Sis Tsiis, dy't ein ferline jier in manifestaasje foar de Fryske taal hâlde yn Ljouwert.

Sulveren Fyts

Op de nijjiersresepsje fan de FNP waarden ek twa tradisjonele prizen útrikt. De 'Sulveren Fyts' giet nei hurdfytsferiening Otto Ebbens fan De Westereen. De priis wurdt jûn oan in persoan of feriening dy't opkomt foar de belangen fan fytsers. De Fryske Natuer- en Miljeupriis giet dit jier nei partikulier natuerbehearder Romke Kinderman yn It Bûtenfjild by Feanwâlden.

Trefwurden: 
FNP Frysk ûnderwiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)