SC Hearrenfean begjint goed oan twadde seizoenshelte

14 jan 2017 - 20:19

Sportklup Hearrenfean is goed begûn oan de twadde helte fan it seizoen. Yn it Abe Lenstra Stadion wûnen de Feansters mei 2-0 fan ADO Den Haag. Hearrenfean wie folle sterker as ADO, mar koe dat lang net omsette yn doelpunten. Pas yn de 63e minút kaam Hearrenfean op in foarsprong troch in doelpunt fan Reza Ghoochannejhad. In minút letter besliste Ghoochannejhad de wedstriid troch ek foar de 2-0 te tekenjen. Hearrenfean bleau druk setten, krige in penalty, mar skoarde net mear.

De nije oanwinst Martin Ødegaard makke yn de slotminuten syn debút.

Troch de winst stiet SC Hearrenfean op 32 punten út achttjin wedstriden. Se bliuwe dêrmei op it fjirde plak yn de earedifyzje stean. Hearrenfean spilet nije wike út by PSV yn Eindhoven.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)