Mienskiplike claim tsjin Succes Awards

14 jan 2017 - 19:56
Foto: Omrop Fryslân

By it Rotterdamse advokatekantoar Wybenga hawwe har inkelde tsientallen minsken melden foar in mienskiplike claim tsjin de Nationale Business Succes Awards. Dat hat it kantoar sneon witte litten. Se hoopje fia in proseduere harren ynlis werom te krijen. Wannear't de proseduere begjint, is noch net bekend.

De minsken diene mei foar in priis foar har bedriuw. Dêr sieten ek Fryske bedriuwen by, lykas Faber Audiovisuals yn Sint-Anne, Snoek Hoveniers yn Grou en sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean.

Trochstutsen kaart

Ofrûne wike waard troch in aksje fan it tv-programma Rambam dúdlik dat it trochstutsen kaart wie. Bedriuwen koene tsjin betelling fan hast 13.000 euro in Succes Award 'keapje'. Om de awards hinne wie it telefyzje-programma De Succesfactor opsetten. RTL7 hat it programma skrast, sa liet de omrop tongersdei witte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)