Darter Danny Noppert nei finale Lakeside

© BDO Darts
Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat sneontejûn de finale berikt fan it Lakeside World Darts Championship yn it Ingelske Frimley Green. De 26-jierrige Noppert wûn yn de heale finale mei 6-3 yn sets fan Darryl Fitton út Ingelân. It waard 3-0,3-1,2-3,2-3,3-0,1-3,3-0,3-1,3-0 foar Noppert. Hy spilet snein om de titel tsjin Glen Durrant.
It is foar Noppert dit jier syn debút op it poadium fan de Lakeside Country Club.