Oflossingsploegen berikke finale op EK shorttrack

14 jan 2017 - 18:38
Foto: www.fotopersburomartindejong.nl

Beide Nederlânske ôflossingsploegen hawwe de finale helle by it Europeesk kampioenskip shorttrack yn Turijn. De manljusploech, mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat en Dylan Hoogerwerf moast yn de heale finale favoryt Hongarije foar har duldzje, mar bleau Grut-Brittannië en Wyt-Ruslân foar.

Ek de froulju berikten de finale. Dêr wie wol wat gelok foar nedich. 

Suzanne Schulting gie ûnderút en dêrmei liken de kânsen op in finaleplak foarby foar Schulting, Rianne de Vries, Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof. Mar de Russyske froulju waarden diskwalifisearre, wêrtroch't Nederlân dochs noch as twadde einige, achter Italië.

Schulting rekke troch de fal blessearre oan har earmtakke. Ut foarsoarch is se nei it sikehûs brocht om foto's nimme te litten fan har earm. Der die bliken dat se neat brutsen hat. Mooglik kin se snein mei pinestillers noch yn aksje komme.

Beide Nederlânske ploegen binne regearjend Europeesk kampioen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)