Harkemase Boys nimt trije punten mei út Almere

14 jan 2017 - 17:28

Harkemase Boys hat de wedstriid yn de tredde difyzje tsjin Jong Almere City wûn. It wie foar de Boys de earste wedstriid nei de winterstop. Yn it begjin fan de wedstriid hie Almere it oerwicht, mar it wie Harkemase Boys dat de skoare iepene troch in goal fan Matthijs Hardijk. Foar it skoft waard it ek noch 2-0 troch Heine Uuldriks.

Direkt nei rêst krige Harkemase Boys kânsen en yn de 59e minút wie it opnij raak. Bjorn Adams makke de 3-0, syn earste doelpunt foar de Boys. Almere kaam noch werom oant 3-2, mar de Boys namen de 3 punten mei.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(Advertinsje)
(Advertinsje)