Sjinkie Knegt wint 500 meter op EK shorttrack

14 jan 2017 - 17:07

Sjinkie Knegt hat op de 500 meter goede saken dien foar it klassemint fan it EK shorttrack. Hy wûn de 500 meter. Dylan Hoogerwerf waard twadde en Victor An út Ruslân waard tredde.

Knegt stiet nei twa ôfstannen op it twadde plak yn it klassemint mei 36 punten. Lieder yn it klassemint is de Rus Semen Elistratov, dy't 39 punten hat. Op it tredde plak stiet Dylan Hoogerwerf. Hy hat 22 punten.

Daan Breeuwsma fan Akkrum helle de finale fan de 500 meter net. Hy foel yn de kwartfinales.

(Advertinsje)
(Advertinsje)