Rianne de Vries ferrast mei winst op 500 meter

14 jan 2017 - 16:53

Rianne de Vries fan Akkrum hat foar in sensaasje soarge op it EK shorttrack. De Vries wûn de 500 meter. Troch de winst hat se 34 punten foar it klassemint binnenhelle. Nei de earste dei stiet se dêrtroch mei 36 punten ferrassend twadde achter Arianna Fontana út Italië, dy't 42 punten hat. Op it tredde plak yn it klassemint stiet Sofia Prosvirnova mei 26 punten.

Suzanne Schulting helle de A-finale net. Se kaam yn de heale finale as twadde oer de streek, maar waard diskwalifisearre fanwegen in ûnrjochtmjittige ynhelaksje. Schulting kin troch har útskeakeling op de 500 meter de Europeeske titel ferjitte. Se hat nei twa ôfstannen 8 punten en stiet dêmei op it sânde plak yn it klassemint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)