Fal en diskwalifikaasje foar Knegt yn finale 1500 meter

© Martin de Jong Fotografie
Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea is min begûn oan it EK shorttrack yn Turijn. Knegt gie yn de finale fan de 1500 ûnderút en krige ek noch in diskwalifikaasje. Hy einige hjirtroch op it sechsde plak yn de A-finale en krijt dus mar 2 punten foar it algemien klassemint.
De 1500 waard wûn troch de Rus Semen Elistratov. Shaoang Liu út Hongarije waard twadde en Vladislav Bykanov út Israël waard tredde.