Suzanne Schulting bûten it poadium op de 1500 meter

14 jan 2017 - 15:13
Suzanne Schulting - Foto: Martin de Jong

Suzanne Schulting fan De Tynje is fjirde wurden op de 1500 meter op it EK shorttrack yn Turijn (Italië). Se hie har as iennichste Nederlânske rydster pleatst foar de A-finale. Schulting hat mei it fjirde plak 8 punten pakt foar it algemien klassemint.

De 1500 meter waard wûn troch Arianna Fontana (Ita), foar Sofia Prosvirnova (Rus) en Lucia Peretti (Ita). Sy pakke dêrmei respektyflik 34, 21 en 13 punten.

Rianne de Vries fan Akkrum wûn de B-finale fan de 1500 meter, sy fertsjinne dêrmei 2 punten foar it klassemint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)