Alvestêdefytser slim ferwûne

28 maaie 2012 - 16:20
Traumahelikopter - Foto: ANP Kippa

In dielnimmer oan de fytsalvestêdetocht is moandeitemiddei yn Aldemardum slim ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak kaam de man te fallen. Plysjes dy't meidiene oan de tocht, seagen dat it barde en koene earste help jaan.

It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it Universitêr Medysk Sintrum yn Grins brocht. De plysje wit noch net krekt om wa't it giet en hoe slim syn tastân is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)