Noppert jout Noppert in goede kâns op it WK Darten

14 jan 2017 - 14:02

Erwin Noppert is optimistysk oer de kânsen fan broer Danny om it Lakeside World Darts Championship te winnen. De darter fan 'e Jouwer pleatste him freedtejûn foar de heale finale yn it Ingelske Frimley Green. Hy wûn mei 5-3 fan titelferdiediger en twafâldich kampioen Scott Waites.

Sneon moat de 26-jierrige Noppert tsjin Ingelsman Darryl Fitton darte om in plak yn de finale. De mooglike finale stiet sneintejûn op it programma. As Danny Noppert it nivo helje kin fan eardere wedstriden, dan tinkt broer Erwin dat de wrâldtitel der ynsit.

(advertinsje)