Ferwaaide Afsluitdijk Open-rinners krije dochs jild werom

14 jan 2017 - 13:05
De Ofslútdyk - Foto: ANP

Minsken dy't foarich jier meidwaan woenen oan it hurddraafevenemint Afsluitdijk Open kinne dochs har ynskriuwjild werom krije. Fanwegen hurde wyn koe it evenemint foarich jier net trochgean.

De fersekerder fan de organisaasje sil in part fan de kosten fergoedzje, en ek de leveransiers ha har soepel opsteld. Dat meldt de organisaasje yn in mail oan alle dielnimmers.

De inisjatyfnimmers wolle graach dat der in nije edysje komt fan it hurddraafevenemint oer de Ofslútdyk. Se ûndersykje no oft dat mooglik is, mar kinne net garandearje dat it slagje sil. De Ofslútdyk moat dan 12 oeren ôfsletten wurde, en ek de brêgen kinne net iepen. Earder hat Rykswettersteat al sein dat it hiel dreech wurde sil om dat op 'e nij foar mekoar te krijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)