Sherida Spitse nei FC Twente

28 maaie 2012 - 16:16

Fuotbalster Sherida Spitse spilet takom seizoen foar FC Twente. De 21-jierrige ynternasjonal hat fiif seizoenen de kleuren fan SC Hearrenfean ferdigene, mar hopet mei FC Twente foar it kampioenskip te gean. Boppedat hopet se har fierder te ûntwikkeljen mei it each op it kommende EK.

Yn de simmer fan 2009 makke Sherida Spitse de oerstap fan ONS Snits nei SC Hearrenfean om mei te dwaan oan de nij oprjochte earedivyzje foar froulju. Yn de simmer fan 2009 die Spitse mei oan it Europeesk kampioenskip. Nederlân helle doe de heale finales.

Trefwurden: 
frouljusfuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)