Ark stellen út bedriuwsbussen yn Dokkum en Damwâld

14 jan 2017 - 12:24
Foto: ANP

Yn de nacht fan tongersdei op freed is der yn Dokkum en Damwâld trije kear ynbrutsen yn bedriuwsbussen. Dat wie it gefal op de Koailoane yn Damwâld en yn Dokkum yn de Bonifatiuspolder en de Markol. Ut de bussen is ark stellen. De plysje freget oft minsken dy't wat heard of sjoen hawwe, har te melden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)