Wa wurde de Fryske sporthelden fan 2016?

14 jan 2017 - 12:20

Op de webside fan it sportgala Fryslân kin oant de ein fan de moanne stimd wurde op de sporthelden fan it jier 2016. De nominaasjes binne bekend makke.

By de froulju giet it tusken Sanne Wevers (turnjen), Marit Bouwmeester (silen) en Jorien ter Mors (reedriden). By de manlju om Pieter Weening (hurdfytsen), Arjan Stroetinga (reedriden) en Pieter Jan Postma (silen).

By de parasportfroulju kin stimd wurde op Alyda Norbruis (hurdfytsen), Liesette Bruinsma (swimmen) en Rixt van der Horst (hynsteriden). By de manlju op Tristan Bangma (hurdfytsen), Olivier van de Voort (swimmen), Teddy Witjes (fuotbal) en Stefan Boersma (fuotbal).

Yn de kategory sportploech fan it jier giet it tusken de reedrydfroulju en -manlju fan de ploege-achterfolging en it gersbaanraceteam. Douwe Visser (skûtsjesilen), Daniël Iseger (keatsen) en Marrit van der Wal (fierljeppen) meitsje kâns op de titel Fryske sporter fan it jier.

Suzanne Schulting (shorttrack), Sanne Vermeer (judo) en Natascha Ausma (judo) kinne sporttalint fan it jier wurde. De winners wurdt bekend makke op it sportgala Fryslân op 15 febrewaris 2017.

(Advertinsje)
(Advertinsje)