Lauwerskolleezje yn Kollum troffen troch winterstoarm

14 jan 2017 - 11:57

De stoarm fan freedtejûn hat yn Kollum dochs foar flink wat skea soarge by it Lauwerskolleezje. Dêr waaide in part fan de dakbedekking derôf en in oar part skuorde stikken. Der binne twa bedriuwen oan it wurk om de skea te herstellen.

It hat neffens de direkteur gjin gefolgen foar de lessen fan nije wike, dy gean gewoan troch. It gebou is 60 jier âld en wurdt binnen in pear jier ferfongen troch nijbou.

(advertinsje)
(advertinsje)